Jent en Djurre Kooistra en Jelle en Femke de Vries hawwe juster in grutte fangst út it wetter helle yn Idaerd. In grutte “goud” fisk. Mei in magneet hellen se in klûs boppe wetter. Oardel jier lyn is dizze by in ynbraak by Germ fan Essen meinaam. Doe’t er iepen flekst wie fûnen se allegearre paspoarten, negativen, foto’s, medaljes en prizen fan de famylje fan Essen.