As prinsessen, sa lieten guon har trôch harren sjauffeurs foarride.
It 95 jierrich jubileum fan de Vrouwen van Nu Reduzum e.o wie foar de leden in moaie reden om mei feestlike huodden nei de seal te kommen.
Mei in soad entûsjasme hiene de froulju oan it pimpen west. It risseltaat wie in feestlike huoddenparade.