Huningfabryk

De bijefolken fan de famylje Bergsma kinne wer oan ’t wurk dizze maaityd. Fan ’t winter binne se hieltyd byfuorre. Mar no sille se sels har iten wer opsykje moatte. De kasten binne behimmele en klear foar in huningryk jier.