Foar de earste gearkomste fan de Vrouwen van Nu, op tongersdei 4 oktober (bistedei) is Viola Baas mei har hulphûn Patrick útnoege. Viola komt út it Hearrenfean, is 35 jier jong en sit yn in elektryske rolstoel. Op dizze jûn sil sy fertelle oer de rol fan de hulphûn, en oer Patrick yn it bysûnder.
Om 19.45 yn Lokaal oan Ayttawei.