Binne jim bern, pake-en beppesizzers ek bliid dat se mei it moaie waar wer yn’t sân boartsje kinne? Pak dan sneontemoarn kroade en skeppe en help de boarterstúnkommisje om nij sân oan te bringen.
Om 8.00 oere wurdt der begûn yn de Smedingstrjitte, dan it sportfjild (wêr’t de kofje brún stiet) en as lêste Swinlân. Mei syn allen binne we dan foar 12.00 oere klear.