Hoteldebotel

Ynsekten binne tige wichtich foar it miljeu. Se soargje foar in ekologyske kringloop yn’e tún.
De Vrouwen van Nu hawwe in jûntiid dwaande west om hotelkeamers yn te rjochtsjen foar de lytse bistjes. De ynsekten yn’e tún reitsje no hielendal hoteldebotel fan dizze nije ûnderkommens.
It hotel jout û.o de ingeltsjes, flinters en ferskate soarten (solitêre) bijen en wespen in moai nest- en rêstplak.