Hoogvlieger Elske

De (hast) 12 jierrige Elske van Balen út Friens hat sûnt in pear jier diabetes. In drege tiid foar Elske en har famylje. Om har efkes út de soargen te heljen, mocht se mei de stichting Hoogvliegers mei de loft yn. Yn in lyts fleantúch, dat se sels bestjoere mocht, fleach se fan fleanfjild Lelystad hielendal nei Friens, dêr’t mem al yn tún stie te swaaien.