Hierflechtsjen mei Papillot yn HEA!

Woansdeitemiddei wie der by kapsalon Papillot in workshop hierflechtsjen. De grutte famkes moasten earst oefenje op in pop en koene doe los mei it lange hier fan harren lytse famkes. Omrop Fryslân kaam del en makke foar it programma HEA! opnames. Allegear sjen dus!