Heel Holland Wipt!!

Fan 30 maart o/m 30 septimber fynt it NK Tegelwippen plak. Gemeente Ljouwert en Grins gean de striid mei inoar oan. It doel is om safolle mooglik stiennen ferdwine te litten en plak te meitsjen foar grien.Ynwenners en gemeenten kinne it oantal stiennen, dy’t se út de grûn helje (wippe!!!) en dan ferfange troch grien, trochjaan oan de webside www.nk-tegelwippen.nl. De gemeente dy’t de measte stiennen wipt hat en hjirmei “griener” wurden is, wint de wedstriid! Yn de gemeente Ljouwert is subsydzje beskikber foar it griener meitsjen fan tunen, troch tegels of grint te ferfangen troch gers en/of planten.