Heech wetter

De stoarm en de oanhâldende reinbuien fan de lêste dagen soarget rûn om ús hinne foar oerlêst. Sa is it wetter yn de haven sa heech, dat steigers en it paad derom hinne no ûnder wetter stean. Ek it Swin nimt mear romte yn as oars. Op ferskate terrasflonders kinne se de fuotten net droech hâlde.