In kreative bliidmakker sizze de twa inisjatyfnimsters Ingrid Stapensea en Eetske de Boer fan de facebookgroep Happy stones Reduzum. Moai foar jong en âld, tidens in fytstocht of kuier. Rûnom yn de bûtenloft kinst dizze leuke stiennen tsjinkomme. Se binne beskildere en fersierd om sa de wrâld in bytsje moaier te meitsjen en dy in glim te jaan! Fynst in stien, pak it op of jou it in nij plak. Lit de stien sa omswalkje. Hast facebook, lit dan witte datst de stien fûn hast. Protte wille mei it sykjen, finen, fervjen, glimkjen, meitsjen en ferstopjen fan de Happy Stones Reduzum