De Haedstrjitte hat de Gouden Germ bemachtige. De sjuery -trije Boarnsters dy’t al alve jier op it Redúster matinee komme- fûn harren optreden mei André Rieu, Zangeres zonder Naam en it Slavenkoor it moaiste.
Monte Huizinga prate de jûn mei humor en faasje oaninoar.
De merkekommisje ûntfong alle artysten yn stijl; mei de smoking oan en de reade loper út.