Grote Club actie

De ferienings, dy’t by de Sportstifting oansluten binne ferkeapje al jierren lang de lotten fan de Grutte Club Aksje (keatsen, kuorbal, tennis, gym en volleybal). De strjitten yn de trije doarpen binne dêr ta opdield en frijwilligers rinne mei de lotten. De opbringst wurdt yn fiif likense parten ferdield.
Sneon 1 oktober is de earste dei dat we lotten ferkeapje meie. De lotten kostje € 3 it stik, mar wij ferkeapje 2 foar € 5,=