Griene tút foar Stifting Doarpsmûne

De politike partijen binne op kampanje. GrienLinks kaam fannemoarn nei Reduzum. Stifting Doarpsmûne krige fan listlûker Irona Groeneveld in ‘griene tút’. De doarpsmûne is neffens harren in moai doarpsinisjatyf dat duorsum is en allinnich mar skjinne winst opsmyt foar it doarp.