Gerdinen bliuwe ticht foar ROTO

Spilers, in nije regisseuze en ynstekster, in passend fleurich jûnfoljend stik en de earste oefenjûnen ……..
En doe kaam de iene lockdown nei de oare! ROTO hat fan alles besocht en betocht! Al hoe graach se mei-inoar ek wolle, it sil harren spitigernôch dit foarjier net slagje om in stik op de planken te bringen.
De donateursjilden wurde derom ek dit jier net ôfskreaun. Mei-inoar hoopje we op bettere tiden!