De wurkgroep Romtlike Saken hat probearre om “âlde” kuierpaden yn en om Reduzum, sa as dy beskreaun stean yn in boekje, wer as kuierpad te iepenjen. Dizze kuierpaden rinne oer partikulier eigendom en binne net tagonklik foar kuierders. De eigeners fan dizze grûn binne bang foar oerlêst. Tink oan hûnestront en ôffal. Dit kin skealik wêze foar greidefee. Foarlopich gjin nije kuierpaden yn en om Reduzum.