Troch de Corona maatrigels koe dit jier de gesellige jûn dy’t alle jierren de twadde sneon yn novimber plak fynt net troch gean. Pleatslik Belang Friens hie dêrom in ludieke ferfangende aktiviteit betocht. Ofrûne snein koenen alle Frienzers genietsje fan lekkere broadsjes mei kroket, hambuger as frikandel en foar de bern hienen se kipnuggets en poffertsjes! It hat elkenein tige goed smakke!