Gjin autoferkear troch fytstunnel

De Snitserdyk fanôf de A32 is op ’t heden troch wurksumheden, jûns en yn wykein ôfsluten foar autoferkear. Autoferkear moat omride! Spitich genôch binne der ek  guon dy’t mei auto gebrûk meitsje fan de fytstunnel. Dit smyt gefaarlike situaasjes op foar de fytsers. De plysje kontrolearret hjir op, en hat de ôfrûne dagen al tal bekeuringen útskreaun.