De ôfrûne dagen hâlde Omrop Fryslân in aksje foar de itensbank. Foar de gesellige winterjûn fan de Vrouwen van Nu wie oan elk frege om wat mei te nimmen foar de itensbankaksje . Hjir waard massaal op reagearre.
En ek dagen hjirnei waard der troch in soad minsken út de omjouwing hâldber guod brocht. Tongersdei 18 desimber binne de boadskippen nei de studio yn Ljouwert brocht.