Gespot!

Topdrokte dizze dagen foar leanbedriuw Oene de Jong fan Tsienzerbuorren en Ebe Terpstra fan Raerd. It nôt is no ryp en dêrom binne se yn Friens mei grutte masines it winterweet oan it teskjen.
Mei it teskjen wurde de nôtkerrels derút helle. Fan wat der dêrnei noch fan oerbliuwt, wurdt as it droech genôch is strie perst.