De tsjerken en tuorren steane aardich yn de belangstelling as ûnderdiel fan it Fryske lânskip. Reduzum, Friens, Eagum en
Idaerd binne dêr in diel fan en wolle dat ek wol sjen litte. Mei help fan mear as 30 doarpsgenoaten binne ús tsjerken en de toer fan Eagum dêrom dizze simmer iepen op sneontemiddeis fan 13.30 oant 17.00 oere.
Ek foar eigen ynwenners in moaie gelegenheid om de quilt wurkstikken fan in tal froulju te besjen.