Gespot!

Wat ite we hjoed? Slaad, blomkoal of beantsjes en as neigesetje in lekker skaaltsje ierdbeien mei slachrjemme??
Grienteboer Bernard Abma hat de karre fol mei farske griente en fruit. Alle tiisdeis komme der in soad minsken nei syn karre. Kommende twa wiken hat er fakânsje. Fanôf 4 augustus komt er wer del mei griente.