Gesellige spultsjes middei yn Friens

Sneontemiddei 24 novimber wie der in gesellige spultsjes middei mei alle bern fan nul oant en mei tolve jier fan Friens. Spultsjes yn it tema fan Sinteklaas, sjoelen, memory en sa mear. Rûn de klok fan 16.00 oere kamen der twa swarte piten lâns. Se ha gesellich mei de bern oan it spultsjes dwaan west, en se hienen foar alle bern in kadootsje meinommen. Besjoch hjir in sfeer ympresje fan dizze gesellige middei.