Reünie fan Opel leafhawwers

Ald-garaazjehâlder op de Trije Romers Jan Velstra (90 jier, by de measten bekind as Jan Tammes), hie lêsten in bysûnder ‘uitje’. Velstra en syn frou binne ferline jier nei Ljouwert ferhuze. Om de romte moast Velstra syn fersammeling âlde auto’s fuortdwaan.  Ien fan de nije eigners, Jappie Terpstra  helle him op yn de Kadett út 1969. Tegearre mei syn broer Pieter en Theo van der Werff ,ek beide yn hun âlde Kadett, gongen de mannen yn styl nei it Opel-museum yn Tynje. Sa koe Velstra dochs wer efkes genietsje fan syn hobby.