Janneke de Haan is op syk nei frijwilligers dy’t tidens de kuier meihelpe wolle. It is in koart mar krêftich projekt: ien wykein is de tocht yn Reduzum te berinnen. Dit bestjut datsto foaral dat wykein beskikber wêze moatst. Liket it dy wat? Of bisto gewoan nijskjirrich en wolsto earst wat mear hearre? Op moandei 28 septimber om 20.00 is der in ynformaasjejûn yn cafe de Welp. Yn ferbân mei Korona graach opjaan troch in mailtsje te stjoeren nei: reduzumgelok@gmail.com