Gelok frijwilligers socht

Na hiel lang wachtsjen, is het dan eins safier… Tryater komt it wykein fan 18 en 19 septimber mei it Gelok nei Reduzum!! Om ‘it Gelok fan Fryslân’ yn Reduzum ta in grut súkses te meitsjen, ha we de help nedich fan jim! Wy sykje frijwilligers dy’t mei de kuier meihelpe wolle. It is in koart mar krêftich projekt: ien wykein is de tocht yn Reduzum te berinnen. Dat bestjut datsto foaral dat wykein beskikber wêze moatst. Tongersdei 9 septimber is der om 19.30 in ynfojûn yn it kafee. Sjogge we jim dan!