By ferbouwwurksumheden oan de Buorren 3 kaam dizze stien foar ’t ljocht. Hy siet net yn de muorre mitsele, mar lei boppe op in âlde wetterput. Wa wit mear oer de skiednis fan dit hûs? Hat de stien miskien yn in muorre sitten fan in oar hûs? De eigner en de argyfgroep binne benijd nei jim reaksjes.