Mei applaus beneamden de 45 oanwêzige leden fan Doarpsbelang justerjûn Geeske Smorenburg as nij bestjoerslid yn it plak fan Klaas Hofstra, dy’t syn 5 jier der op sitten hie. Klaas is oars noch net hielendal klear mei syn wurk: oant de folgjende bestjoersfergadering yn maaie bliuwt hy noch efkes “het meldpunt”.