Doarpsbelang Reduzum wol hiel graach troch it hiele doarp in breed tagonklike stoepbreedte fan op syn minst 5 stoeptegels. Ynkoarten giet it bestjoer mei in rolstoelbrûker troch it doarp om te sjen wêr’t de knyppunten lizze. Ek oerhingjend grien kin in knyppunt wêze. It fersyk oan alle ynwenners om de stoepe om jo hûs frij te meitsjen fan oerhingjend grien. Tink om in oar! Is it lestich foar jo dit te realisearjen, dan komme wy by jo lâns om ta in oplossing te kommen. Stjoer in e-post nei doarpsbelang@reduzum.com.