Gearwurking Roto en Qlubb

Wurdst do wyld fan in spannende film? Bist gek op theater? Is ljocht en lûd in hobby fan dy? Bist graach dwaande mei make-up, hier en smink? Kinst goed organisearre en dingen regelje?
Liket it dy machtich om mei in ploech enthousiaste oare jongeren in moai projekt del te setten? Dan sykje Roto en Qlubb dy.
Kom op tongersdei 23 juni 19:30 nei Qlubb en hear/sjoch mear. Foar in eltsenien fanôf de basisskoalle.