Der hat grif al in skuorke yn de rioelbuis sitten. Mar mei dit mâle wiete waar, komme de mankeminten wol foar ’t ljocht. Oan de Master Gorterstrjitte sitte se, sa liket it, fêst op eigen hiem. In gat yn ’e dyk, sa flak foar de oprit, is dêr debet oan.