Gastâlders socht foar Katelanen

Mei peaske (24 o/m 27 maart) wurdt dit jier wer it KWC U19 yn Ljouwert organisearre.
Prachtich dat dit moaie evenemint wer trochgean kin! Dat betsjut ek dat de kuorbalferiening wer frege is om in bûtenlânske ploech op te fangen. En dat dogge se fansels graach. It liket der op dat de Katelanen ek dit jier wer by ús ûnderdak fine sille. Wy sykje noch wol wat adressen. Ha jim noch plak foar 2 jongeren, graach trochjaan oan Anke (anke@kvmidfryslan.nl).