Fûgelhúskes meitsjen

De entûsjaste bern fan it Frienzer jeugdwurk ha sneontemiddei foar alle húzen yn it doarp in fûgelhúske makke. Mei mooglik makke troch goed taret wurk fan haadmaster Ronald en inkele oare hulpen. Nei ôfrin fan dizze middei ha de bern yn groepkes de fûgelhúskes by elkenien thús besoarge. De jeugd krige alle lof út it doarp foar de sels timmere húskes.