Fryskpraters socht út Boarnsterhim

De Fryske Akademy ropt foar in grut ûndersyk nei sprutsen Frysk, ferskate generaasjes Frysktaligen út de eardere gemeente Boarnsterhim (de omkriten fan Grou, Jirnsum, Akkrum, Reduzum en Raerd) op om harren te melden. Sy dogge ûndersyk nei taalferoaring oer ferskate generaasjes hinne, en dêrom sykje wy trije generaasjes út ien famylje: beppe, mem en dochter, of pake, heit en soan. Lês hjir it parseberjocht