Frysk kampioenskip koartebaan

IIsklub de Eendracht organisearre juster it Frysk Kampioenskip koartebaan foar de jongste pupillen. Nei’t foarsitter Wietse Jorna moarns op de radio noch in oprop dien hie, koene middeis de wedstriden mar trochgean. En wa wit binne de winners wol de Kramer en Wüst fan de takomst.