Frou Toering is justerjûn skutjaskampioen 2007/2008 wurden. Sy krige fan foarsitter Clazina van Balen de wikselbeker en in flesse bubbels. Willem Hemstra waard twadde en Jacob Hoogland tredde. Frou Toering is it trouste lid fan de Soas. Sy hat net ien kaartjûn fersitten. Spitigernôch kin har man net mear mei har mei fanwege syn sûnens.