It like wol oft der in klute modder tsjin de muorre siet. Mar doe’t Ineke de Leeuw der efkes better nei seach, grize it hâr oan. It wie in flearmûs. Om’t it bist op in dochs wol frjemd plak siet, is der yn oerliz mei in deskundige besletten, it nei in plak te bringen dêr’t se thús hearre. It tsjerkhôf.