Frijwilligersjûn Oeds fan Fierwei

Moandei 18 septimber hawwe likernôch 60/70 Redúster, Idearder, Frienzer en Eagumer oanjûn it aardich te finen om wat te dwaan foar Oeds fan Fierwei. Fan sjongers oant ferkearsregelaars, fan naai(st)ers oant dekôrbouwers ensf. Mar om Oeds fan Fierwei oant in grut sukses te meitsjen binne der noch mear frijwilligers nedich! Wolle jo hjir mear oer witten? Kom dan moandei 30 oktober nei Kafee De Welp te Reduzum. Op dizze jûn komt alle spesifike ynformaasje ta oansjen fan boppesteande oan de oarder.