Altiten it lêste wykein fan juny is de Frienzer Merke
In gesellich feest foar jong en âld. Elts jier wurdt der wer ommeraak keatst,en is der it springkessen foar de bern. Foar de bern en de minsken dy’t net keatse wie der dit jier boerengolf. En oan it ein fan dizze gesellige dei koenen de fuotten noch efkes fan de flier mei muzyk fan de susters Sita en Astrid.