Mei de ferrommingen dy’t koart lyn yn gong set binne ha se dit jier wer merke fierd yn Friens. Ofrûne sneontejûn binne se op de pleats fan maatskip Bergsma úteinsetten mei in BBQ foar jong en âld en mei muzyk fan Sander Metz. Benammen de bern fûnen dit tige gesellich, der waard omraak swingd! Sa as altiten moast elkenien op sneintemoarn om 10.00 oere wer fris en fit op it fjild stean om te keatsen, foar de bern en de minsken dy’t net keatse wie der dit jier jeu de boules, fansels wie it springkessen der ek foar de bern. Se kinne werom sjen om in tige slagge merkewykein!