De Frienzer Merke set sneontejûns 29 juny fanôf 21.00 oere út ein mei in swingende liveband yn it Lokaeltsje. 2 for the show spilet dizze jûn , hun repertoire bestiet út Top 2000 muzyk en “Vrienden van Amstel live” repertoire. Ek wurdt der elts jier wer ommeraak keatst,en is der it springkessen foar de bern. Dit sil snein 30 juny plak fine fanôf 10.00 oere moarns op it merkelân fan famylje Hijlkema.