Frienzer merke

Mei it duo men yn Black begint jûn yn it Lokaeltsje fan Friens de merke.
Sneintemoarn is der foar leden en donateurs fanôf 10.00 oere keatsen op it merkefjild fan de famylje Hijlkema. Der is in springkessen foar de bern en der wurdt mei elkoar sop en broadsjes iten. Middeis is der foar de bern en minsken dy’t net keatse, âld hollânske spultsjes.
Fansels heart dêr de gesellige neisit op it merkefjild/tinte by.