Frienzer froulju op reiske

Sa as alle jierren binne de Frienzer froulju gesellich mei elkoar op reiske west. Dit jier wie de organisaasje yn hannen fan Greetje en Boukje en dy hienen betocht om mei syn allen nei de Kruidhof yn Bûtenpost te gean.
Nei de lunch binne de froulju ôfsetten nei Dokkum wêr’t elkenien earst sels witte mocht wat se dwaan gongen!
Dêrnei noch mei syn allen yn de pream en as ôfslúting in heerlik buffet wêr nei elkenien wer op hûs oan koe.