Mei sa’n 40 minsken en 7 teams is der sneontejûn ommeraak slein op it merkelân fan de Famylje Hijlkema.
De organisaasje wie dizze jûn yn hannen fan Maurits Zeinstra en Pl.Belang. Uteinlik kin der mar ien team de winner wêze en dat wienen Marit, Nynke, Simon, Klaas, Peter en Jos.
Mei in hapke en in drankje oanbean troch Pl.Belang koe elkenien noch efkes neisitte yn de skuorre.