Nei Idaerd hat no ek Friens in ferljochte tsjerke. Justerjûn is op feestlike wize de tsjerke yn it ljocht setten.
Nei in koart iepenningswurd fan Sjoerd Hofstee,foarsitter fan pleatselik belang krige Siep van Lingen it wurd. Kabels binne groeven troch frijwilligers, se krigen in lytse attinsje fan de tsjerkeried. Nei ôfrin stie der foar bewenners yn it Lokaeltsje in hearlik miel klear.