Begjin dit jier hat Friens in priis fan €1000,– wûn! Dizze priis moast útjûn wurde oan de berikberens yn Friens. Eltsenien mocht dêr oer mei tinke. Sietie Boersma kaam mei it idee om reflektearjende pealtsjes oan te skaffen, sadat de besikers fan Friens, mar foaral de helptsjinsten de hûzen better fine kinne. De pealtsjes binne yntusken besoarge by de Frienzers. It bedrach wat oer wie, is skonken oan de skoalbus.