Sneontejûn ha der yn Friens sa’n 30 minsken mei dien oan dit maaitiids barren. De rûte dy’t der rûn wurde moast gong oer betonpaden, it lân en polderdiken.
Underweis koe elkenien de harsens noch efkes skrabje en genietsje fan in hapke en in drankje.
It ein fan dizze tocht wie yn it Lokaeltsje wêr’t it noch lang gesellich neisitten wie.