Freed de 13e

De 13de novimber sette de tongersdeitejûnploech wer ôf foar harren 2/3 jierlikse biljertreis nei Skylge. Sammelje by’t kafee en koppen telle; 10 man, kloppet presys! Nee oppert ien, Willem is al op it eilân by in boer oan’t wurk, dus wy ha ien tefolle.
Boatkaart te min, bêd te min, belje en alles wie gau regele. Rekkenjen moat jo mar oan in kroechbaas oerlitte, komt noait út.