Tongersdei 18 april is der in Foarjiersmerk op de Trije Doarpenskoalle. De ôfrûne wiken binne de bern druk dwaande west om moaie knutsels te meitsjen dy’t yn en om it hûs moai delset wurde kinne. Ek kin de bern spultsjes dwaan, is de Peaskehazze op ‘ e merk en binne der moaie priiskes te winnen by it Rad fan Fortuin. De opbrengst komt ten goede oan alle bern fan de Trije Doarpenskoalle. Fan 14.00-17.00 oere is elk fan herte wolkom.