Moandei wie de lêste repetysje foar it foarjierskonsert fan Sjongnocht foar oankommende snein. Dit konsert is ek it ôfskiedskonsert.
Nei 66 jier stoppet dit koar der mei. It fertrek fan de dirigint en in tal leden soarget derfoar dat it finansjeel allegearre net mear helber is om koar yn stân te hâlden. Spitich foar de oarbleaune leden. Fanôf 16.00 is elts yn de tsjerke wolkom om te harkjen nei it foarjierskonsert fan Sjongnocht